Op paad nei de tsjerke, it belangrykste monumint fan Wetsens, komme jo earst by it parkearplak del wêr ek it begjin is fan de útsette terprûte. Jo sjogge noch net folle fan 'e tsjerke. Mar op de oare foto, earder yn't jier makke, sjogge jo wat mear.
Fan de arsjitektuer is op dizze foto noch net folle te sjen mar dat komt by de rûnlieding fan 'e tsjerke. Dit is de noardkante fan 'e tsjerke en jo kinne jo ôffreechje wat dat donkere griene hok tsjin de moarre is. Is it in arkhok of bringt it ús nei de krypt ? Litte wy dat is ûndersykje troch derop te klikken.
De Tsjerke
De tsjerke is boud yn de 12e ieuw of sels earder troch muontsen. As boumateriaal brûkten sy dowestien en letter 'kleastermoppen' dy't in protte brûkt binne kleasters en tsjerken. De goatyske ynfloeden datearje fan de 15e en de 16e ieuw. Deris ek in toer boud mei sealdak. Rûn 1640 binne der in pear grutte ruten oanbrocht.
De preekstoel datearet fan de 18e ieuw.
Yn 1841 is besletten de toer ôf te brekken omt de kosten te heech wiene foar reparaasje. Yn plak derfan soe der in klokkestoel boud wurde.
Op de klok stiet :
"Hy is trou, dy't jimme ropt !"
Yn 1842, op in sneintemiddei ûnder de tsjerketsjinst, krekt oan anfang fan de preek oer 'Simpson yn de tempel', is de toer ynstoart.
Foar geregelde tsjinsten is de tsjerke brûkt oan't ein fan 1999.
No binne der noch spesjale tsjinsten as trouwerijen en begraffenissen.
De tsjerke wurdt no ek brûkt foar muzikale doelen.
Klikke op 'e foto linksboppe jout bysûnderheden fan bekende persoanen.
Under is in foto fan 'e tsjerke rûn 1923 en jo sjogge ek de kosterswente. Dit pleatske is der net mear. De plak is no in parkeerplak.
tebek nei it
Ynfo Sintrum
Nei de Tsjerke