|
Yn 'e 13e ieu koene terpen sels hast 6 meter wêze. It is yn ien fan sokke doarpen wêr't ik wenje. It doarp hjit Wetsens en is yn Fryslân, in
provinsje fan Nederlân. Yn Wetsens binne 13 hûzen en/of pleatsen dy't alle yn in heale sirkel lizze om de 12e ieuwse tsjerke. Ynteressant is
dat de terp fan Wetsens op in bytsje hegere sânlaach leit wêrop doetiids troch de see in klaailaach oanbracht waard. Die sânlaach, waard sa'n 2000 jier
foar de bou fan de terp bewenne troch in prehistoarysk folk bewenne dat ûnder oaren fjoerstiennen bile makke. Yn 1897 is by it ôfgraven fan de
terp sa'n bile fûn yi 'e ûndergrûn.
De afgraving van de terp begon in 1896 .De grond was erg vruchtbaar en daarom zeer in trek.
It ôfgraven fan 'e terp is begûn yn 1896 omt de grûn tige fruchtber wie en dêrom grage waar. It waard oan minsken ferkocht yn oare provinsjes dy't graach ha wolle.
Op dizze manier koene de minsken, dy't net sa breed hienne, wat fertsjinne. No is alles wat fan de terp oer is in stik om 'e sjerke hinne en de hichte
is sa'n 6 meter. De terp fan Wetsens is de grutste yn ûmfang en dy fan Hegebeintum is de hichste. Troch it ôfgraven fan de terp wie it nedig dat
ferskate hûzen ôfbrutsen waarden ûnder oaren de earmhûzen en it skoallehûs. Besjogge wy de fynsten fan de bienen kammen en omt der rûn de terp altiten
kofee rûn, is it tige wierskynlik dat der hjirre in lange tiid in kammenyndustry wie. Fan de 45 bysûndere eksimplaren komme der twa út de earste ieuwen oar ús
jiertelling, alve út 'e tiid fan 400 ta 700 nei Chr en 32 út 'e tiid fan 700 ta 1000 nhei Chr.. De deklagen fan dizze kammen wêr tusken de tosken klamd wiene,
wiene makke fan de hoarnen fan in hart, wierskynlik ofkomstich út de Dokkumer wâlden wêr't in protte reaharten wiene.
|
|