|
Rjochts in tige fredich tafriel. Eartiids stie dit stik lân yn 'e winter ûnder wetter en waard brûkt as iisbaan.
Elkenien yn 'e omkriten kende de iisbaan. "Yn 'e lijte" wie de namme. Yn tsjinstelling ta de iisbaan yn Dokkum wie der hjirre ien rjochting om te riden nammentlik mei
de klok mei. Men hie dan altiten de kalde wyn yn 'e rêch en ride by de terp del yn 'e smoute. Op 'e iisbaan yn Dokkum wiene, krekt as yn 'e tsjerke, de manlju fan de
froulju skieden. De manlju riden mei de klok mei en de froulju tsjin de klok yn.
| |
 |
|