by de Simmer Rūnlieding troch Wetsens !
Diel Twa
Tinke jo yn dat it no al de fjolgende dei is, wy sille fierde mei de rūnlieding.
Wy hearre no it
skreauen
fan 'e skrie. Wat in muoi lūd. Foar mear oer fūgels sjoch "Fūgels yn Wetsens".
Links sjogge jo Fryske hynders. It is ien fan de āldste rashynders yn europa. Al bekind by de romeinen en yn de midsieuwen brūkt as rydhynder foar ridders. It is ek brūkt yn 'e lānbou foar net al te swier wurk, sirkushynder, tśchhynder en hurddraver.
Links
In begraffenis
Rjochts
In trouwerij
Sjoch deris nei links, dźr is Hindrik wer. In amer fol mei keunstmest dat er op it lān smyt. Gewoanlik wurdt de mest op in meganyske wize op it lān brocht mar sa no en dan docht Hindrik dat mei de hān. Wy kinne no ek de terp goed sjen, or wat derfan oer is.
Sjogge wy in bytsje fierder nei links, dan sjogge wy yn 'e fierte Goytzens hūs en tichterby de pleats fan Willem. As jo de ruine besocht ha, dan witte jo dat foar it ferfal ālde Anders, de hearremyt fan Wetsens, der wenne.
Mar foar die tiid wenne der hjirre. Alde Anders wie yn tsjinst by boer Stokje dy't der foar Willem wenne. Alde Anders moast Hantumhuzen ferlitte omt hy in kat dea sketten hie en boer Stokje joech him in baantsje.
Links sjogge jo in dobbe en dit is noch een echte boarne of boarndobbe. It is altiten fol ek yn 'e droege tiid. Eartiids, doe der noch gjin wetterliedings wiene, brūkten de minsken reinwetter of wetter śt 'e dobbe.
Sjogge jo no wer nei rjochts, dan sjogge jo dat wy tichter by Willem syn hūs binne. It is in boerenspultsje en oan it dak kinne jo sjen dat de pleats ut twa dielen bestiet. Under it reiddak is de stal en skuorre en ūnder it pannendak is it wenhūs.
No hawwe de boeren in protte mear fee as 50 jier ferlyn. It fee hawwe sy no yn in apart gebou, de kostal.
It gebou dat jo no links sjogge, dat is de kostal. Dźryn binne yn 'e winter sawat 70 ky en die wurde dźr ek alle dagen molke. Būten sjogge jo in grutte lege plak, der wurd de kule opslein, it feefoer foar 'e winter. Mar dźr kinne jo mear fan te witten komme as jo de pleats besykje.
Litte wy nei binnen ta gean. Der binne ky dy't nei śs sjogge, oaren roppe śs in waarm wolkom ta.
Is dit net in hearlike romme kostal ?
Mar wy sille fierder gean en yn it melkhok sjen.
Hjir sjogge wy Jan en syn heit Willem, beide oan't wurk mei de melkmasjine
Tolve ky kinne tagelyk molken wurde.
Noch efkes de eagen oer it alles gean litte en dan sille wy fierder.
As jo werom sjogge, dan sjogge jo dat Willem in tige grutte pleats hat.
As jo nei it dak sjogge dan sjogge jo in grien mei wyt board, it "ūleboard". Hast eltse pleats yn Fryslān hat soks. Deris in protte oer skreaun mar net folle is wis. Wis is dat sa'n board typysk frysk is. De foarm is yn ferkate dielen fan Fryslān in bytsje ōfwikend. &nbbsp;Sy geane tebek ta de 17e ieu, miskien fierder. Sy binne te finen op dat diel fan 'e pleats dat as skuorre brūkt wurdt en derom wurdt dat rūnde gatsje as yngong en śtgong brukt troch in waarūle, komt dźr de namme "ūleboard" wei ? Oan de foarm koe men sjen of de bewenner eigner wie of dat er in hypoteek op 'e pleats hat of dat er it hierd hat. It ūleboard op it prentsje rjochts is typysk foar Noard Fryslān.