Wetsens oan it spoar


  By Wetsens rint in spoardyk del. Ienkear rūn dźr it spoar fan Dokkum nei Eanjum mei in stasjon yn Mitselwier en Morra-Ljussens. Dit trajekt is in diel fan de ferbining Ljouwert - Eanjum fan de Noord-Friese Locaal-Spoorwegmaatschappij, de NFLS (april 1901 - juli 1936).
It spoar is yn fazen oanlein.

  April       1901 iepening trajekt  Ljouwert - Stiens - Ferwert.
Oktober  1901 iepening trajekt  Ferwert - Dokkum - Mitselwier.
Augustus 1913 iepening trajekt  Mitselwier - Eanjum.

 
  De line is bekind wurden as "It Dokkumer Lokaeltsje".
Yn 1936 is it reizgersferfier stake mar yn de oarloch, maaie 1940, foar in koarte tiid ferfette troch de Nederlandsche Tramweg Maatschappij, de NTM.
Yn 1942 is it trajekt Dokkum - Eanjum opheft, it reizgersferfier op dit trajekt wie al opheft yn 1936.
Mar no de grutte fraach :
"Wie der in halte yn Wetsens ?"
Neffens de krante Oostergo fan die tiid wie der praat fan in halte. Dit die ek bliken śt it gedicht fan T. Postma,  Nieuwsblad van Friesland 18 juny 1904. Mar yn dit gedicht stiet ek dat it net ta in halte kommen is !


 
 





De spoarbrźge yn 1963.
It Jellegat wie doetiids tige smel.






Hir wie de spoarbrźge oer
it Jellegat by Wetsens







Stasjon Mitselwier
  WETSENS


Hjir hat ris yn 'e foar'ge tiid
- Wat wit ik it jit klear ! -
In tige āld stik hūsrie stien,
in grutte terp, sa heech en grien -
Hy is der no net mear !

In kliber skippers kaam 'r op ta,
- De modder like skoan -
Hja groeven, kroadden dat 't wat die,
Sa lang der mar in klute wie;
d'Ald terp dy gyng der oan.

't Wie doe foar 't doarpke in tiid fan fleur
It gyng der drok om wei,
Wat seach men hjir in drokte en tier
En skippen, faak fan hein en fier,
Soms tritich op in dei.

De terp ferdwūn - 't lokaalspoar kaam.
Doe tocht men hjir : "Sjesa,
Licht krije wy dźr 'n halte oan
Dat paste śs sa wūnderskoan."
Mar - 't kaam der net oan ta.

Men wennet der hast deun tsjin oan,
Mar wol men der wei, sa wier,
En sil men der geriif fan ha -
Men moat earst reizgje oan Dokkum ta,
Of hiel nei Mitselwier.

Sa is no terp en drokte fuort;
Sa baat it spoar hjir neat;
En 't doarp, dat ienris sa 'n oanrin hie,
Dat elts der hast fersteld fan stie,
Is wer ta rźsten keard.







It spoar yn Mitselwier

Nog ien kear Wetsens foarby en dan klik, tebek !
 





De hearremyt fan Wetsens
oan 't reedsnijen yn 1963.






De spoardyk by Wetsens








Stasjon Dokkum - Aalsum