| |
Sint Maarten
In 316 of 317 is Sint Martinus, of Sint Maarten, geboren in Sabaria in Hungarije. Syn heit hat de rang
brike fan in wichtig offisier yn it Romeinse leger. Syn soan is ferneamd nei oarlochsgod Mars.
Martinus, de moedige, de kriichshaftige. De famylje is ferhûze nei Pavia yn Itaalje. Op
in dei, Martinus wie 10 jier, skûle hy foar de rein yn 'e tsjerke. Wat dêr barde makke in grutte
yndruk op him, sa grut dat er letter kristen waard. Doe't er 15 jier âld wie moast er as soan
fan in offisier, tsjinst nimme yn it Romeinse leger. Hy wie nei frankryk stjoerd en wat dêr is it
fjolgende bard. Op in kâlde en dampige dei ride Sint Maarten en syn soldaten nei de stêd Amiens.
Sy hiene in berjocht ôflevere fan de keizer en wiene op it paad werom. Sy woene werom
wêze ear it tjuster wie om't ast te let bist dan is de poart ta en moast wachtsje oan't moarn.
It is kâld en Sint Maarten en syn soldaten binne hastich. Sy kamen krekt op tiid by de poart.
Op it stuit dat Sint Maarten troch de poart kaam, it wie einliks al tjuster, kaam in amper
klaaide biddeler nei foaren ta. Bibberjend fan 'e kelte frege de man foar jild. De
oare soldaten gonen in bytsje fierder. Sint Maarten komt fan syn hynder mar er hat gjin jild en hy
tinkt by himsels wat er dan dwaan kin. |
|