D e   S k o a l l e

  Lytse doarpen, alle hiene se in skoalle, ek Wetsens.  Yn 1857 hie de skoalle 21 learlingen.
Ek yn die dagen bestie skoalfersom en it wie in grutter probleem as hjoed.
Doe in kommisje yn 1865 de skaolle besocht wiene der mar 11 jonkjes en 8 femkes presint, en de âldste learling wie noch net ien jier âld.  Seker, der wiene oare bern mar wêr ? It antwurd is ienfâldich, sy wiene te helpen op it lân. Boere ark wiene yn die dagen tige ienfâldich sa dat alle help wolkom wie en sels nedich.
It haad wie tige nuodlik oer de sûnens fan syn learlingen.  Yn 1870 hat hy him bekleie by de kommisje oer it net yninte wêze fan de learlingen tsjin de pokken en hy stie derop oan dat de kommisje it nedige die by de dokters oars moast hy de learlingen de tagong ta de skoalle ferweigerje.
Yn 1876 krige de skoalle in gefoelige klap, 8 bern hiene de skoalle ferlitten.  Dit wie it gefolch fan in nije regel dat bern fan bûten de gemeente mear skoaljild betelje moasten. Alders koene dat net betelje sa krige dizze bern gjin ûnderwiis.  Boppedat hiene de âlders sels net sa folle belangstelling foar ûnderwiis.  Dit die bliken dat de kommisje mar 6 jonkjes en 3 femkes presint fûn by in besyk yn 1878.
Ek de kwaliteit fan it ûnderwiis tige min.  It skriuwen en stavering fan wurden wie net bêst.  Sadwaande kaam de kommisje ta de konklúzje dat it haad syn wurk ferwaarleaze.  It haad, hy hie problemen mei de eagen, koe it jaan fan ûnderwiis oan dizze jonge bern opjûn ha.  Hy krige ûntslach op grûn fan it feit dat hy net sa goed sjen koe en de skoalle hie op te bestean yn 1880.

It hûs dat jo op 'e foto sjogge is neamd 'It Skoallehûs".      Wêrom ?
Sjocht it der net út as in âld pleatske ? Yndied.
Nei it opheffen fan de skoalle yn 1880, mocht it letste haad fan 'e skoalle, hy wie net sa sûn mear, yn it skoallehûs te wenjen bliuwe.   Hy libbe noch trye jieren en is yn 1883 ferstoarn.
It hûs hat leech stien foar sawat ien jier en yn 1884 hawwe der misken yn wenne foar in lyts skoftke. Yn 1885 kaam der in boer út Eastrum te wenjen.
Hy wenne dêr oan't it ôfbrekke fan it hûs yn 1895 fanwege it ôfgraven fan de terp.  Syn namme wie Klaas Daniel Sijtsma. Yn 1895 is der in nij hûs foar him boud en it hat de namme 'It Skoallehûs' krigen as de bewenner bekind stie as de Sijtsma fan it skoallehûs.  Hy is yn 1917 ferstoarn en syn soan Daniel Klaas Sijtsma hat it hûs en it boerespultsje oernommen.
Yn it hûs hinget in board mei de nammen fan alle bewenners fan it hûs fan 1895 ôf oan't begjin fan 2000 ta.