|
Edde Damstra is nei it lege skoallehûs ferhûze foar in koarte tiid en dernei yn in tinte.  Dizze tinte, in siketinte neamd, wie der spesjaal for sike minsken die net thús bliuwe koene omt sy in besmetlike sykte hiene as tuberkuloaze. Yn dizze tinte wenne hy oant syn hûs klear wie. Doe hy nei syn nije hûs ferhûze moast hy akseptearje dat de tinte stean bleau en brûkt wurde koe as dat nedich wie,oant yn 1897 ta. It betelje fan belesting foar syn lân soe earst fan 1 jannewaris 1896 begjinne. Letter, yn 'e 20e ieu, kaam der in winkel yn it hûs. De iennichste winkel yn Wetsens oan't ein fan 1943 of it begjin fan 1944 ta.
|