De  Ruine






  Sa sjocht de ruine der no út (foto boppe). Eartiids stiene hjir twa boerenspultsjes sa as op 'e foto hjirnjonken.  It is spitich dat de foto net sa skerp is mar de situaasje is wol dúdlik en te fergelykjen mei de foto dy't jo sjoen ha doe út 'e "krypt" wei kaam.    



    En sa seach it der eartiids út as jo fan It Skoallehûs kaam. Dúdlik is it te sjen dat it om twa wenten giet. De letste bewenner, Andries Dijkstra, better bekind as âlde Anders of ek wol de hearremyt fan Wetsens, wie in bysûnder man.


Hy hat der 40 jier wenne, earst yn ien wente letter yn beide.   Hij hâlde him nochal ofsidich, hy besocht wol geregeld de tsjerke. Yn de twadde wrâldkriich hat in Joads ûnderdûkerspear har by him skûl hâlden.   Op in dei gongen de dútsers derhinne om te sjen mar rekke mei de auto fêst yn 'e modder fan 'e reed.
 


  De Wetsumers hawwe de dútsers holpen om de militêre auto út 'e modder te lûken en sy ha de soldaten de rie jûn om it mar net wer te besykjen en dat hiene sy dan ek dien.  Misskien is it doarp sa wol oan represaille ontkommen omt âlde Anders hie syn gewearen al klear foar de ûntfangst.
Rjochts in better útsjoch op de wenten.
   


  Der binne ferhalen as dat hy yn 'e skieppeflues sliepte mei it gewear klear om op rôtten te sjitten,   dat hy twa nijberne geitsjes yn 'e panne hieom te iten om sa de geit te helpen by it grut bringen fan de oare twa geitsjes.  Hy wie der wis fan dat four geitsjes tefolle wie foar de geit.
Hinnen en geiten libbe by him yn 'e hûs.   De letste jieren wie syn wente ûnbewenber ferkleard.
In 1969 gong hy nei it âlderensintrum, it Buma-hûs, yn Eanjum en is yn 1974 ferstoarn.  Hy is begroeven yn Wetsens.  De wente is ta ruine ferfallen. De ruine stiet op in restant fan de ôfgroeven terp.
De foto is fan 1972.
   


  De ruine is in markant punt yn it lânskip. Understeande foto's jouwe in yndruk fan aktivens dêre.


 


Tekenje ûnder it tasjend each fan it fee







Muzikale aktivens


       






tebek






















It muzyk De Bazuin út Nijewier




















It muzyk De Bazuin út Nijewier




















In liet fan Percell mei begelieding fan 'e fluit