| |
 |
|
En sa seach it der eartiids út as jo fan It Skoallehûs kaam. Dúdlik is it te sjen dat it om twa wenten giet.
De letste bewenner, Andries Dijkstra, better bekind as âlde Anders of ek wol de hearremyt fan Wetsens, wie in bysûnder man.
 Hy hat der 40 jier wenne, earst yn ien wente letter yn beide. Hij hâlde him nochal ofsidich, hy besocht wol geregeld de tsjerke. Yn de twadde wrâldkriich hat in Joads ûnderdûkerspear har by him skûl hâlden. Op in dei gongen de dútsers derhinne om te sjen mar rekke mei de auto fêst yn 'e modder fan 'e reed. |
|