Wolkom by Willem en Alie



Willem

Alie


  Willems heit wie 38 doe't er yn 1938 op dizze pleats kaam. Yn 1965 naam Doeke, broer fan Willem, it hjir oer en yn 1979 binne Willem en Alie hjir komme te wenjen.
By de rûnlieding troch Wetsens koene jo sjen hoe it tsjinswurdig giet mei it melken. Hjirûnder inkelde foto's sa as it yn 1980 wie.
 

    Doetiids noch de âlde stal.

Links :

Alie oan it melke.

Rjochts :

Willem docht de molke yn de molkbussen.

   



   

Op 'e balken sjogge jo dat der wat mei kryt skreaun is.   Dat is de datum dat in sekere ko kealje moast.



 


Nei it melke, it skin meitsje. It is Alie's beurt.
 


Ein sechstiger jieren wurdt noch bûten molken.
 


 

Ein jieren sechstig.
Bûten melke.
 


Begjin jieren sechstig.
Ploechjen mei hynders.
 


  Oer de pleats kan sein wurden dat er fan 1929 is.   Op deselde plak hat in oare pleats stean.   De bewenners út die tiid sjogge jo op ûndersteande foto's.
Bysûnder binne de klean út die tiid.
 



     






    Mar krekt as doetiids wurdt yn 'e simmer safolle mooglik gêrs meand dat as foer brûkt wurdt foar it fee yn 'e winter.   It nije gêrs wurdt op in grutte bult smiten en sa by inoar parse en goed ôfdekt.  


  Op 'e foto rjochts sjogge jo dat der ien bult klear is en ôfdekt mei plastik, swierder makke mei autobânnen.   Jan sorget foar in goeie ferdieling.    


Graach oan't sjen

Goeie !