|
Hjir wenne Astrid en Joost Holman, harren bern Antje, Johannes en de jongste telch Marijke.
It begûn allegear hiel ienfâldig, mei Joost syn oerpake Johannes. Dy hie in keal en letter hie ek syn pake Jan in keal. Doe't op in kear syn pake jan siik wie, moast it keal, al aardich groeid, ferkocht wurde. Fan it jild waard de doktersrekkening betelle en in nij keal kocht. Dit kealtje waard grut en wie it begjin fan it boerenbetriuw, Foar earst noch lyts. Joost syn pake Jan hat de pleats fan no bouwe litte en de earste stien is lein troch syn dochter Maria op 26 november 1924. It oantal ky wie doetiids acht.
Yn de tiid fan heit Johannes is de pleats útgroeid ta wat it no is mei sa'n 60 ky.
|
|