Wolkom

by

Gooitzen en Tineke


Litte wy ús sels earst efkes foarstelle.

Ik bin Gooitzen. Ik bin godstsjinstdosint en mei graach foargean yn tsjerketsjinsten, seker as it "alternatyfe" tsjerketsjinsten binne.
Hobby : rommelen in en om het huis.


En ik bin Tineke en ha as hobbys de fryske taal, it lêzen fan horrorboeken en it wurjken yn 'e tún. Mar myn hillige taak is feministyke teology. Feministyke teology wol nei foaren bringe dat de opfetting dat taal en liturgy yn 'e tsjerke en yn 'e Bibel net allinnich in saak is fan manlju.   Troch de ieuwen hinne hat de teology in teology foar manlju west mar sûnt de sântiger jieren hawwe in protte minsken ûntdekt dat der mooglik "mear stiet as der stiet" yn 'e Bibel. It boeiende fan feministyke teology is dat der oare opfattings ontstean binne.
Ek ynteresse ? Ik kom graach yn kontakt mei jo.





Wy hawwe trije bern wêrfan allinich ús soan Simon noch thús wennet. Syn hobbys binne tafeltennis, websiden meitsje en it meitsjen fan grafyske ûntwerpen op 'e kompjoeter. Hy docht in kompjoeteroplie- ding in Ljouwert (Leeuwarden).





De pleats fan Gooitzen en Tineke is yn 1825 boud of sels wat earder. Hjirfoar hat der op dizze plak ek in hûs stean wêryn in sekere Pieter Gerrits út Ljussens (Lioesens) wenne hat dy, neffens in neamen yn 1801 in heale skoarstien tichtmitsele hie om sa minder belesting hoege te beteljen. syn besit waard omskreaun as : hûs en hiem, 1 skoarstien, 7 kij,
1 rier, 1 hynder en 7 pûnsmiet ybsiede lân. Wy wenje der fan 1985 ôf.






Tige tank foar dyn besyk
Wy fûne dat bysûnder leuk
Oan't sjen