It   labyrint fan   Wetsens




  Wat is einliks in labyrint ?

Labyrinten binne der al mear as 4000 jier en kinne fûn wurde yn in protte religieuse tradysjes yn 'e wrâld. Sy binne diel fan ferskate kultueren sa as by de oarspronklike bewenners fan Amerika, de Gryken, de Kelten en de Maya's.   De Hopi yndianen neamden it labyrint it symboal foar "Moeder Aarde".  Lykas Stonehenge en de piramiden binne se magyske geometryske foarmen dy't in hillige plak definiearje.

Underskate foarmen fan labyrinten binne u.o.fûn yn Peru, Arizona, Yslân en ferskate oare lannen fan Europa en yn India. It âldst bekinde labyrint is dat fan Kreta dat te finen is yn de Grykse mytology en boud is troch Daedalus. Ofbyldings dêrfan binne fûn op diggelwurk en op jild yn Knossos op Kreta fan sa in 2000 oant 2500 jier foar de jiertelling, op rotsen yn Wales en by de Hopi yndianen. Opfallend is dat in krús de basis is fan it labyrint.
 


   




 
 
De yngong is hjirboppe,
it paad is de reade line.
  Yn de midsieuwen is yn in protte tsjerken in labyrint oanbracht om de ienfâldige minsk in symboal te jaan fan in pylgerreis nei it Hillige Lân.
It âldste kristlike labyrint is as in mozayk te finen yn de 4e ieuwse Basilyk fan San Reparatus tichteby it eartiidse Orléansville, yn 1964 omdope yn el-Asnam en yn 1981 yn Ech-Cheliff mar it wurdt ek wol Chlef neamd en leit yn Algerije. It is in spiraalfoarm en tagelyks fjourkant fan foarm sa as by de Romeinen (Yn die tiid hiet de plak Castellum Tingitanum). Yn it midden is de tekst "SANCTA ECCLESIA".
Sjoch byld links.
 


  Ien fan de ferneamde labyrinten - út sirka 1200 AD - kin men fine op 'e flier fan de katedraal fan Chartres yn Frankryk. Ek hjir is dúdlik it krús sjen dat it labyrint yn fjour dielen lyket te ferdielen.
In oantal jieren ferlyn stiene der stuollen op en by spesjale gelegenheden waard dizze plak frijmakke. Dizze gelegenheden wiene : houlik, doop, begraffenis of oare fierings.
 
  As jo in labyrint ynrinne, stappe jo yn in hillige romte en tiid. As jo geast derop ynsteld is kinne jo it labyrint bruke as in paad foar gebed en medotaasje of berou. Yn 't letste gefal "rûn" men op 'e knibbels. Eartiids die men dat faker as hjoed en men brûkte in oere om yn't sintrum te kommen. Yn die tiid neamde men it labyrint ek wol "Paad nei Jeruzalem" (chemin de Jerusalem) en yn Chartres "de myl" (la lieue, sirka. 4 km , in oere rinne).
Yn in protte katedralen binne labyrinten ferniele en opnij rekonstrueare. De labyrinten fan Chartres, Amiens en fan Saint-Quentin binne noch yn oarspronklike steat. Klik mei de mûs op it labyrint fan Chartres - links - dan sjogge jo in foto. Opnij klikke jout in plattegrûn fan it labyrint yn de basilyk fan Saint-Quentin dat út 1493 stammet. Klikke op de plattegrûn jout dan in foto. It paad fan de yngang fan it labyrint fan Chartres oan't sintrum ta is 260 meter lang, krekt sa lang as it paad dat Kristus rûn fan de rjochtbank nei Golgotha. It sintrum symbolisearet Jeruzalem.
Troch de ieuwen hinne binne minsken oandien troch de hieljende krêften fan in labyrint en syn grutte krêft ta ynspiraasje en fernijing. De labyrinten fan Saint Quentin en Amiens binne gelyk mar die fan Amiens stammet út de 13e ieu. It sintrum fan it labyrint yn Saint Quentin is swart. Klik hjir foar it bysûndere sintrum fan it labyrint fan Amiens.
Yn www.padrepardo.eu komt mear oer labyrinten yn tsjerken.
 









Links de klassyke labyrintfoarm sa as't wy die kinne fan it op Kreta fûn jild.
Wy fine dit type labyrint ek yn Skandinavië, markeare troch grutte stiennen.
Fan Yslân oan't yn Ruslân ta binne der mear as 600 en in protte ynkelde hûnderte jieren âld.
Sels yn Denemarken, wê't net ien âld labyrint te finen is, binne der oanwizings dat der in protte west ha. It docht bliken út de plaknammen dy't dêop wize sa as byelyks Trojborg, yn it frysk Trojaboarch. De namme Trojaboarch betsjut "stêd Troje". Dizze namme docht tinken oan grykse sêgen en romeinske labyrinten mar betsjut faak ek it labyrint sels. De namme Troje kin men yn hiel europa fine. By in protte folken kin men oerleverings fine dy't fertelle hoe flechte Trojaner har op oaren plakken festige ha en nije stêden stichte ha, hieltiten neffens itselde bouplan.
Ek yn Nederlân wiene der Trojaboargen, benammentlik yn West Fryslân - Medemblik en Fryasboarch op Texel - en yn Fryslân by Starum.  Dizze Trojaboargen wiene frouljuboargen of kleasters - it begryp kleaster stammet fan foar it ûntstean fan de roomske tsjerke.  Fryasboarg wie stichte troch Frya, de earste fan de wize froulju yn de noardlike kriten. Frya wurdt beskôge as de stammoer fan alle Friezen.

Fan de Fryaboargen is neat mear te fynen, dèrom is it doel fan it labyrint fan Wetsens dit stikje, yn it ferjit rekke skiednis, te bewarjen.





























Dit ûnderdiel begjint 1 minuut nei it ôfrinnen automatysk opnij. Klik hjir foar ûnderbrekke en/of fierder te gean.