|
Links de klassyke labyrintfoarm sa as't wy die kinne fan it op Kreta fûn jild. Wy fine dit type
labyrint ek yn Skandinavië, markeare troch grutte stiennen. Fan Yslân oan't yn Ruslân ta binne der mear as 600 en
in protte ynkelde hûnderte jieren âld. Sels yn Denemarken, wê't net ien âld labyrint te finen is, binne der oanwizings dat
der in protte west ha. It docht bliken út de plaknammen dy't dêop wize sa as byelyks Trojborg, yn it frysk Trojaboarch.
De namme Trojaboarch betsjut "stêd Troje". Dizze namme docht tinken oan grykse sêgen en romeinske labyrinten mar betsjut faak ek it labyrint sels.
De namme Troje kin men yn hiel europa fine. By in protte folken kin men oerleverings fine dy't fertelle hoe flechte Trojaner har op oaren plakken festige ha
en nije stêden stichte ha, hieltiten neffens itselde bouplan. Ek yn Nederlân wiene der Trojaboargen, benammentlik yn
West Fryslân - Medemblik en Fryasboarch op Texel - en yn Fryslân by Starum. Dizze Trojaboargen wiene frouljuboargen
of kleasters - it begryp kleaster stammet fan foar it ûntstean fan de roomske tsjerke. Fryasboarg wie stichte troch Frya,
de earste fan de wize froulju yn de noardlike kriten. Frya wurdt beskôge as de stammoer fan alle Friezen.
Fan de
Fryaboargen is neat mear te fynen, dèrom is it doel fan it labyrint fan Wetsens dit stikje, yn it ferjit rekke skiednis,
te bewarjen.
|