Wolkom yn de St Vitus Tsjerke

Diel Trije









De preekstoel is fan ein 17e ieu, lykwols de trap is in nij ūntwerp śt de sāntiger jieren, sa ek it fuotstik ūnder de preekstoel.



De 17e ieuse tafel
wie in geskink fan Aelsum
(foar it Hillig Nachtmiel)
doe de restauraasje yn de sāntiger jieren beėinige wie.


It koarstek foar de restauraasje
(rjochts)



It koarstek nei de restauraasje
(links)




Links sjogge wy in hagioskoop, it gat yn de muorre wźr troch it Ljocht fan it Evangeelje nei de tsjustere wrāld dźr būten koe.
Neist de hagioskoop sjogge jo de plak fan it piscina wźr de pryster syn hanne yn waskje koe.
Rjochts, yn de sśdmuorre is ek in hagioskoop mei in Keuls Kantsje śt 1777, mei sulveren deksel mei ynskripsje "Dese Kan behoort aan de Diaconie te Wetzens".


It piipoargel is fan 1933 en is yn de sāntiger jieren ferfange. Ferskate ālde ūnderdielen binne wer brūkt.   De houten balustrade fan de galery is fan 1903.







No sille wy efkes op 'e souder sjen. Hast alle balken binne rūn 1560 oanbrocht.




Yn it plafond fan 'e tsjerke binne ljochtspots oanbracht dy't ek brūkt wurde op 'e souder wer't oer de spot trochskinende kap is sa dat men ek op 'e souder ljocht hat.





Wel, froulju en manlju, dit is it ein fan 'e rūnlieding.
Ik hoopje dat it jo nei 't sin wie.
Tige tank foar jo oandacht.





Om de skiednisrūte te ferlitte en om nei it ynformaasje sintrum te gean, klikke jo op de grźfstien ūnder.
Wolle jo fierder mei de skiednisrūnlieding, klikke jo dan op ien fan de boeken.









1 7 4 7
1 7 9 1