Wolkom by de St Vitus Tsjerke

Diel Twa







Boppe inkelde bline rúten sjogge in stik Bremer stien.   It is tocht dat dit fragminten binne fan alde altarstiennen.
Op it grûnplan kinne wy sjen dat de tsjerke ienris einige mei transepten of absides, mei in grutte apsis yn it midden.
Dizze absiden koene ferwidere wêze doe it koar langer makke wurde.
 


Oan de súdkant fan de tsjerke sjogge wy dúdlik wêr de abside of it transept wie.   Hjir binne ek de gotiske ynfloeden dúdlik te sjen.   De earste twa rúten links binne tusken 1630 en 1650 oanbracht.   De oare trije folge letter.   Troch de fynst fan sekere yzeren spilen is it wis dat der glês yn lead rúten wiene.   Hielendal links sjogge wy noch in tagong.  


Wy begûne ús rûnlieding by de noardlike tagong en binne no te plak kommen by de súdlike tagong.   Wêrom twa tagongen ?   De súdlike tagong wie foar manlju.   Yn it noarden wie it ryk fan de duvel en omt de frou it earst sûndige hie, wie dit de tagong foar froulju.   Lykwol ien kear yn har libben doare de frou troch de súdlike yngang en dat wie op 'e dei fan har houlik.  


Wy binne no oan de westkant wêr de toer stie.   Nei it ynstoarten fan 'e toer yn 1842 is besletten de tsjerke wat yn te koarten en in kap oan te bringen wêrûnder de klok hingje koe.   Op 'e foto sjogge jo Tjerk, de koster, oan it kloklieden.

Dit is dan it ein fan de rûnlieding om 'e tsjerke.   Wy binne werom by de noardelike tagong.
Sille wy nei binnen ta en sjen hoe it der dêr útsjocht ?
 



Om noch efkes nei it koarmuzyk te lústerjen kinne jo de knoppen brûke.         



fierder