|
 |
|
Wy binne no oan de westkant wêr de toer stie. Nei it ynstoarten fan 'e toer yn 1842 is besletten de tsjerke wat yn te koarten en in kap oan te bringen wêrûnder de klok hingje koe. Op 'e foto sjogge jo Tjerk, de koster, oan it kloklieden.
Dit is dan it ein fan de rûnlieding om 'e tsjerke. Wy binne werom by de noardelike tagong. Sille wy nei binnen ta en sjen hoe it der dêr útsjocht ? |
|
 |
|