Wolkom by de St Vitus Tsjerke

Diel Ien



Hjoed bin ik jo gids en ik hoopje dit in noflike en ynterssante rūnlieding wźze mei.   As jo sjogge, ik bin in wat āld en antyk mantsje mar de tsjerke is ālder as ik en dźrom net alles allinnich mar oantinken. Safier wy witte is de tsjerke yn 'e tolfde ieu boud en misskien wol earder.   Wy kinne dit sjen oan de romaanske bōgen op 'e būtenmoarren.   Foar de bou fan dizze tsjerke waard tufstien brūkt mar fan sawat 1250 is dit net mear brūkt.   Man brūkte nei dy tiid āldfriezen troch de muontsen dy doetiids de tsjerken en kleasters boud ha.
  Yn 1374 erkende de abt fan Dokkum (de stźd is 3 km hjir wei) de jurisdiksje fan de proast fan "Oud-Munster" fan Utrecht oer de kapelle hjir yn Witzense as Wetsens doetiids neamd waard. Ut it testamint fan Minne Jarla yn 1494 witte wy dat de skutspatroan fan Wetsens de hillige Vitus wie.


Wy begjinne de rūnlieding by de yngong en sille mei de wizers fan'e klok rūn gean.   As jo boppe de doar sjogge, kinne jo romaanske friesbōgen sjen sa ek foarby dat griene houten hok.


De boppekant fan dy bōgen en it hok lizze op ien line en de stien dźr boppe hat in oare kleur.


Wel, die line jout oan wźr it oarspronklike dak begūn.  Sa rūn 1560 krige de tsjerke in nij dak dat tagelyk heger oanbrocht waard.   Yn 1842 waard dit dak restaureare mar de balken wiene noch sa goed dat der hast net ien ferfange is.
It griene hok ferberget in diel dat by de restauraasje yn de sāntiger jieren net restaureare is.
Mar .... de tsjerke hie op dit plak in lyts transept of abside w kerk had op die plaats klein transept of abside wźr wierskynlikens in lyts alter stie.   Oan de sśdkant fan 'e tsjerke wie itselde.   Dit die bliken śt de fūndearring sa as jo sjen kinne op it grūnplan hjirūnder.



De tekening links lit sjen hoe de muorre der eartiids śtseach. It diel fan 'e muorre mei de ruten leit in bytsje tebek en dat is noch dśdlik te sjen oan de friesbōgen. Sjoch de foto's hjir ūnder.
Letter binne feroarings oanbrocht yn beide dielen, echter it tichtmakke rśt yn it rjochter diel skynt noch oarspronklik te wźze.
Dizze wize fan bouwen is foar it earst tapast yn Wetsens en kin men ek sjen by de tsjerke fan Oldeberkeap en de toer fan de tsjerke yn Beusichem (Betuwe).



Dizze foto śt 1970 lit sjen de jammerlike tastān fan de tsjerke foar de restauraasje fan de sāntiger jieren.   It is net bekind wźrom de plak fan it transept of abide wyt plastere is.


Hoe de muorre der śtseach foar it plasterjen is ek net bekind, dźrom is der besletten de muorre sa te litten as it wie en sadwaande de skiednis net te feroarjen.   Dit stik mourra is dan no ferburgen efter dat griene oanbousel dat dan no brūkt wurdt foar ark en begraffenis attributen.
Op de foto hjirboppe (en hjir neist) sjogge wy links fan it wyte plasterwurk (of it griene hok) in bline doar.  Dizze doar waard troch prysters brūkt en joech tagong ta it koar.   Fierder sjogge wy mear nei links ta in bline rśt, dat wie in hagioskoop.
Fan būten ōf koene joe gelyk op it altar sjen.   In opfetting is dat it doel derfan wie it Ljocht fan it Efangeelje nei de tsjustere wrāld dźrbūten koe en dat wie nei it noarden.





Om noch efkes nei it koarmuzyk te lśsterjen kinne jo de knoppen brūke.         


fierder