|
| |||
R. de Beer Oersetting : T. Riemersma *) Yn de oarspronklike tekst stiet "geref.". Om misferstannen foar te kommen moat sein wurde dat nei de reformaasje alle protestantske groepen grifformeard protestantsk neamd wurde en dat de term grifformeard, sa't dy no brûkt wurdt, komt út 1892 by it ûntstean fan de tsjintwurdige grifformearde tsjerken. Yn Nederlân hearre de measte protestantske ta it grifformeard protestantisme, ek de Nederlânske Herfoarme Tsjerke (oarspronklike namme: Grifformearde Tsjerke yn de Ferienige Nederlannen). It wurd 'herfoarme' is pas yn 1816 offisjeel ynfierd. |
It leit wol foar de hân om de protte lokale konflikten by de tsjerken fan de reformaasje yn dizze en de foarige ieu te
pleatsen tsjin de eftergrûn fan in rêstich tsjerklik libben yn 'e tiid fan de Republyk. Doe wie der lykwols ek in protte
strideraasje tusken predikanten en harren gemeenten. Faaks is der, sa't it like, sprake fan striid tusken partikuliere en
mienskiplike belangen, mar yn in protte gefallen is de oarsaak fan it konflikt foar ús net mear dúdlik. Doarpisme
en partijgeast, de wize fan beroppen en de mear of mindere geskiktheid yn de mienskip fan de predikant sille wis in rol spile ha.
Yn Ealsum en Wetsens, oant 1631 kombinearre mei Nijewier, wiene yn 1625 swierrichheden en ek yn 1630. Dan is it efkes rêstich, mar nei de dea fan ds. Tammo ab Oosterzee (1652) is it alwer mis. Op de klassikale gearkomste fan Dokkum op 14 april 1653 komme twa ôffeardigen, de Wetsumer doarpsrjochter Reyner Mames en Meyntze Taeckesfan Ealsum. Sy freegje, oft de kandidaat Wilhelmus Suffridi beroppen wurde mei. Dy is, sa sizze sy, by mearderheid fan stimmen keazen. Der komt lykwols fûleindich protest fan ds. Johannes Brunsvelt fan Waaksens. Dy beropt him op de grytman fan East-Dongeradiel,George Wilco baron thoe Schwartzenberg en Hohenlansberg, de bewenner fan Holdingastate fan Eanjum, dy't ek al protestearre hat. Der binne, sa't wol faker bart, ûnrjochtmjittigens by de stimming foarfallen. Reiner Mames hat, ûnrjochtlik, lidmaten fan Sibrandahûs, in buorskip eastlik fan Ealsum, meistimme litten. De klassis jout ds. Brunsvelt gelyk en freget de grytman in nije stimming te hâlden. It gefolch is lykwols dat op de gearkomste fan 31 maaie 1653 twa beroppen meidield wurde. Reiner hat mei syn oanhang op 'e nij Wilhelmus Suffridi keazen, in oare partij de broer fan ds. Johannes, nammentlik Theodorus Brunsvelt, dy't op âldere leeftyd teology studearre hie en yn 1652 proponint wurde wie. De klassis siet mei it berop,want beide kandidaten blykten likefolle stimmen te hawwen. Op 23 juny folge de útspraak fan de klassis. No ek wer hiene lidmaten fan it Sybrandahûs meistimt. Dit mocht net: Sybrandahûs hearde by Eastrum-Jouswier. De pluraliteit fan de stimmen gyng dêrmei nei Theodorus Brunsvelt, ergo, dy wie keazen. Friezen binne fêsthâldend en de doarpsrjochter fan Wetsens Reiner Mames - ek bysitter fan it nederrjocht fan East-Dongeradiel - wie in Fries. De klassis wol twa ôffeardigen beneame en dy koene de opdracht om Theodorus Brunsvelt te Ealsum c.a. te befêstigjen, ek útfiere, de saak wie dêrmei net klear. Dat die al gau bliken. As ds. Brunsvelt op snein 20 july 1653 foar de earste kear yn Wetsens preekje wol, mei er fan de koster-skoalmaster , yn opdracht fan Reiner Mames, der net yn. De doar wie sletten en fan de gemeente wie net ien te sjen. Brunsvelt besiket it op 6 en 20 augustus noch ris, mar wer om 'e nocht. It gefolch is dat de nije dûmny op de klassisgearkomste fan 22 augustus in klacht yntsjinnet tsjin Reiner Mames. De klassis moat no wol fan wegen komme en docht in berop op de grytman, mar dy jout him blykber leaver net op glêd iis en wegeret syn plicht te dwaan. Fansels lit Brunsvelt it der net by sitte en sa ûnderwerpt de klassis op 7 novimber 1653 de oanwêzige koster-skoalmaster oan in skerp ferhoar. Dy moat wol ferklearje "dat de bijsitter Reyner Meames hem de kaey hadde onthaelt, het luyden van de klocke ende het horen van de predicant Bruynsvelt verboden hadde, ende hij't selve uyt vrese hadde naegelaten. Ende also hij nochtans geerne Godts woort hoorde, hadde hij de predicatien in de stadt vlijtich bijgewoont". De klassis besiket it no hegerop en stjoert in deputaasje nei Deputearre Steaten. Sa wurdt Reiner Mames twongen ta bûgen en ein 1653 kin Brunsvelt einliks foar de earste kear yn Wetsens foargean. Mar dêrmei wie it noch net út. Ek doe wie in predikant bysûnder kwetsber. As it - gewoanlik tige lege - traktemint net útbetelle waard, ûntstie der fêst in needsituaasje yn de pastorij. Dêr makke de Wetsumer doarpspotintaat gebrûk fan. Yn de klassisgearkomste fan 6 febrewaris 1654 komt Brunsvelt mei in nije oanklacht. Hy hat noch gjin penning fan syn traktemint oer 1653 krigen. Boppedat wegerje de tsjerkfâden him de 16 goudgûnen werom te beteljen, dy't hy doedestiids foar de beroppingsiterij foarsjitten hie. De klassis liet op 16 maart ôffeardigen fan beide doarpen mei Brunsvelt yn 'e gearkomste ferskine en wat net ien ferwachte hie, dat barde: de tsjerkfâden giene troch de knibbels en seinen ta it frege te beteljen. Mar wer kaam der in kink yn 'e kabel. De klassis Dokkum hie yntusken in oanklacht by it Hôf fan Fryslân tsjin Reiner Mames yntsjinne, mar moast ta harren fernuvering en lilkens fernimme, dat de prokureur-generaal sûnder opjefte fan redens rjochtsyngong wegere.Hie Reiner Mames machtige beskermers? De klassis is solidêr mei harren kollega en stjoerde 17 april 1654 twa predikanten nei 'Haar Hoogmogenden', nei alle gedachten Deputearre Steaten, om oer de prokureur-generaal beklach te dwaan. Wer is it resultaat gering. Underwilens wachtet Brunsvelt om 'e nocht op de ferfolling fan de belofte. De 'dowen' yn de klassis ûntdekke, dat men mei freonlikens gjin 'havikken' bekeare kinne. Hoewol ds. Brunsvelt foar Ealsum rjocht hat op de opkomsten fan 48 pûnsmieten lân en ek op 3 goudgûnen 'ewige renten' fan in stik lân (earder yn besit fan Jr. Julius Mockema) en hy foar Wetsens út 50 pûnsmiet lân hier ha moast fan syn meier Ruurd Jetses plus de opkomsten fan in pear stikken boulân (de praestercamp) krige hy troch tadwaan fan syn fijân Reiner niks. Wer grypt de klassis yn. Op 19 juny 1654 wurde de tsjerkfâden fan de kombinearre doarpen 'voor d'laeste maell' warskouwe. Mar no hie de klassis ek wer net sukses. Oan 'e ein fan it jier gie der troch Ealsum in geskrift rûn fol mei skampers tsjin Brunsvelt. It die bliken, dat Reiner it opsteld hie. Hy waard dêrom op 21 maaie 1655 mei syn kornuten foar de klassis dage, mar, brutaal as de beul, kearde Reiner de rollen om en beskuldige hy de klassis fan partidigens, doe't dy him probearre dúdlik te meitsjen dat hy him as âlderling bysûnder misdroegen hie. Reiner stie ek net allinnich. De twa Wetsumer foarroppenen Sijmen Rintses en Trijn Jans ferklearren te stean foar it stik, dat sy yn 'e tsjerke tekenen. Antsje Weelts fan Sibrandahûs ferklearre sels dat sy tekene hie 'sûnder te witten wat'. De klassis is wer machteleas. Sûnder help fan 'e grytman koe sy neat begjinne en dy die krekt as gie de saak him net oan. Brunsvelt krige der genôch fan. Hy tsjinnet by it Hôf in oanklacht yn tsjin de presidint-tsjerkfâd Reiner Mames en tsjin syn pachter te Wetsens, Ruurd Jetses. De prokureur-generaal gripe no wel yn en op 27 oktober krige de predikant op alle punten gelyk en waarden de twa foarroppenen feroardiele en moasten sy betelje. Reiner hie no ienkear 'nee' sein en Friezen binne ek trou oan it harren sels jûne wurd. Op de klassisgearkomste fan 7 july 1656- in pear jier nei de befêstiging - is der sprake fan de 'questieuse onbetaalde maaltijdt': de skuld is noch net foldien. In moanne letter, 4 augustus, komt ús doarpsrjochter-bysitter-tsjerkfâd-âlderling de hearen fan de klassis fertellen, dat Brunsvelt restituearre hearde te wurden, mar Reiner en konsorten tochten der net oan. Bûgden de klassikale hearen doe? Yn elts gefal gie Reiner koart dêrop ta de oanfal oer. Yn jannewaris 1657 wurdt Brunsvelt foar it nederrjocht fan syn gritenij dage. Hy wurdt der fan beskuldige dat syn kij, de dûmny boerde skynber sels te Ealsum en siet der net hielendal op in droechje, grutte skea oanrjochte hie yn it noat fan ien fan syn gemeenteleden, Sijtse Jans. De prokureur-fiskaal fan East-Dongeradiel, Kornelis Bosman, is in freon fan Reiner Mames en helpt graach mei om Brunsvelt in hak te setten. De Ealsumer dûmny wurdt skuldich achte en krige in hege boete, nammentlik 24 goudgûnen. Reiner triomfeart en fielt him no sa sterk, dat hy wegeret op de klassisgearkomste syn ekskuzes oan te bieden foar de skerpe wurden, dy't op 21 maaie 1655 fallen binne. Krekt oft er niks foarfalen is , ferskynt er selfs op 18 septimber te Dokkum op de gearkomste. Dat giet de hearen dochs krekt wat te fier: de eare fan de broeders is skeint en de mearderheid beslút dat Reiner gjin tagong kriget 'voor en aleer hij hem dienaengaende hadde gepurgeert'. No blykt lykwols dat Brunsvelt net hielendal allinnich stiet. Reiner Mames is in lytse diktator en guon komme tsjin him yn ferset. Ta syn fernuvering kriget Brunsvelt yn augustus 1657, fjouwer jier nei syn yntree, de helte fan de pastorijopkomsten oer 1653: 229 gûne en 12 stoeren. Brunsvelt, oandien, komt no ta in stap, dy't miskien effekt sortearre kin. Hy wol mei Reiner yn guoddens en docht op 2 novimber 1657 op de klassisgearkomste in foarstel dêrta. De klassis is bysûnder foar de frede en in pear kollega's, Hilarius van Easternijtsjerk en Samplonius fan Dokkum geane as kommisje fan goede tsjinsten op stap, 'ter wechneminge van alle differenten'. It resultaat is nihyl. Brunsvelt wol 'yn goedens', mar hy kin ek oars. No't Reiner neat witte wol fan fersoening tsjinnet Brunsvelt in beskuldiging yn by it Hôf tsjin Sijtse Jans, de saneamde dupearre boer fan Ealsum en tsjin Kornelis Bosman, de prokureur-fiskaal fan East-Dongeradiel. Hy freget ek ferneatiging fan it fonnis fan it nederrjocht fan jannewaris 1657. Sa komt it ta in rjochtsaak yn Ljouwert. Brunsvelt wurdt bystien troch de abbekaat dr. Nicolaas Beilanus en fertelt de rjochters wat der sa al te Ealsum en Wetsens bard is. Hy fertroud op it Hôf en seit, dat as dit der net west wie, 'hij liever hadde gegangen ultra garamantos et dios (d.w.s. fjirder dan de Afrikanen en Yndiërs) als met soodanige menschen te leven....'. Sijtse Jans hie mar wat optocht: it fertrape noat wie hielendal net fan Sijtse west, mar fan Brunsvelt self! Hy hie it gewaaks nammentlik kocht fan de Ealsumer skoalmaster Eelcke Outgers. Ek al diene de twa foarroppenen mei harren abbekaat dr. Gaspar van Campen, harren bêst, it slagge net de ferklearring fan Brunsvelt te wjerlizzen. Kornelis Bosman hâlde him stil en Sijtse Jans begûn te skellen. Wat him oangie koe de dûmny fuortendalik wol nei it ryk fan de Yndiërs gean, mar 'dat evenwel de gemeente Aelsum ende Wetsens niet sonder harder blieven soude'. It gie net sasear tsjin de dûmny's as wol tsjin dizze dûmny, dy't no ienkear net de man fan harren kar wie. Brunsvelt krige gelyk. It fonnis fan it nederrjocht waard ferneatige en Brunsvelt krige de doedestiids betelle 24 goudgûnen werom. Mar de ein fan de striid wie noch net yn sicht. |
|
| |||
Hjir ûnder de figueren op 'e hoeken fan de grêfstien fan Reiner Mames yn de Sint Vitustsjerke. ![]() De jongeling ![]() De man ![]() De âldere man ![]() De dea |
Brunsvelt stelde wer prikken yn it wurk ta fersoening. De klassikale deputearren te Wetsens konstatearje dat Reiner
Mames 'genegenheit' toant om de kloof te tichtsjen, dêrom beslút de klassis alfêst foarearst net ta sensuer oer te gean, mar,
de úteinlike fersoening kaam der net. Want ek no die bliken dat der in machtiger potintaat is dan de minsken. De dea
komt der tusken. Op earste Krystdei, 25 desimber 1658 ferruile Reiner Mames neffens in grêfstien yn de Sint Vitus
tsjerke te Wetsens it tydlike mei it ieuwige. De akten fan de Dokkumer klassis sweiden yn 1659 oer de saak, mar it die
bliken dat, ek al foel de lider, de folgelingen bleaunen. De rjochten fan Brunsvelt op de frije pastorij waarden ek nei dy
tiid ûntkend, en al koe men eartiids fan in bytsje rûnkomme, Brunsvelt moat yn de simmer fan 1659 foar de tredde kear de
striid oangean by it Hôf fan Fryslân tsjin syn gemeenteleden. Op 15 july 1659 ferskine yn de Kânselarij te Ljouwert foar
de rjochter-kommissaris Willem van Vierssen, de tsjerkfâden fan Wetsens en Ealsum, respektivelik Hessel Liewes en Jan
Jansen. Dr. Nicolaas Beilanus fungearret wer as abbekaat fan Brunsvelt. Hy tsjinnet in fersykskrift yn mei in
oanklacht fan 20 punten. De abbekaat fan de foarroppenen, dr. Arnoldus Bolten, hâldt in lang pleidoai mar kin de
oanspraken fan Brunsvelt net leagenje.De rjochter giet alles krekt nei en sprekt syn oardiel út, dat Brunsvelts oanspraken
op twa nei ûntfanklik ferklearre wurde moatte. It behear oer de 'praestercanp' en de pastorijlannen te Wetsens komt him
net ta. De twa foarroppenen wurde sommearre 'omme den requirant te laten volgen de vrije Pastorye in de dorpen Aelsum ende
Wetsens, ende vervolgens acht ende veertich pondematen landts, als
voor desen bij de kerckvoogden sijn verhuyrt, ende te boeten de schaeden ende interessen deur't ontberen vandien gehadt ende
geleden'.
Brunsvelt freget by dy gelegenheid ek oan de tsjerkfâden de yn ferfallen steat ferkearende Wetsumer pastorij, dêr't de skoalmaster yn wennet, te herstellen. Hy kriget lykwols net thús. Ek in fersyk fan de klassis oan de grytman om te bemiddeljen hellet neat út. De grytman ferklearret, 'dat hij hierin niet conde doen sonder ofte buyten de begeerte ende wille van d'andere ingesetenen aldaar'. Wer hokket it. Op 27 oktober 1660 ferklearret it Hôf, dat op 'e nij roppen is om te helpen, unanym, de sintinsje fan july 1659 'well ende rechte gedaen te sijn'. De opponinten fan Brunsvelt moatte betelje. En dêrom... nee, bûge docht men no ek noch net en sa komt Brunsvelt 3 juny wer by de klassis mei it fersyk de grytman te freegjen de Wetsumer tsjerkfâden 'ex officio' it befel te jaan harren tsjinstân op te jaan. Oardel jier letter, as Brunsvelt syn twadde lustrum te Ealsum achter de rêch hat, is de tastân noch net oars wurden.En dêrom komt der wer in kommisje fan goede tsjinsten, dy't de gemeente, wol om 'e nocht, ta 'christelijcke lieffde' oan trunet. Wer biedt Brunsvelt op de klassikale gearkomste (5 oktober 1663) syn gemeenteleden de frede oan. Selfs in kommisje fan twa man fan it Hôf fan Fryslân, besteande út de hearen Scheltinga en Vierssen, hellet neat út. Yn 1664 skine sommige Ealsumers fersoening socht te hawwen. De klassis freget op 28 novimber fan dat jier oan de grytman om de minsken fan Wetsens oer te heljen 'om nevens Aelsum' mei Brunsvelt in akkoard te sluten. Wer wegeret Wetsens en ek Ealsum is net hielendal ienstimmich. Twa jier letter(1666) komt der al wer in klassikale kommisje yn de gemeente, dy't harren beïverje 'opdat d'oorsaeck van d'gestadige onlusten in die dorpen tuschen haeren predicant ende gemeente mocht weghgenomen worden'. In fergees ûndernimmen. Yn 1668 is men noch krekt like fier. Jo soene yn it hert fan de minsken sjen wolle. It stiet benei wol fêst, dat Brunsvelt troch de striid ferhurde is. Yn augustus 1670 fertelt er de klassis dat hy mei Wetsens allinnich dan in akkoard wol, as de fjouwer rjochterlike útspraken fan it Hôf hielendal honorearre wurde. De gemeente wit lykwols ek net fan wiken. Op 16 maaie 1670 komme yn de klassikale gearkomst fjouwer ôffeardigen, dy't der op wize dat Brunsvelt dôf wurdt en ek net al te bêst mear sjocht. As niks mear helpt, dan kin hy miskien op dizze wize útrangearre en emearitus ferklearre wurde. Wat der oant no ta noch net wie, komt yn 1672. De minsken binne yn it rampjier wat senuweftich. It komt ta opskuor en Brunsvelt, dy't dan pakwei 50 jier is, hat blykber noch wol krêft yn 'e knusten. De Wetsumer doarpsrjochter Egle Harckes, dy't yn 1659 Reiner Mames opfolge is en út ien lape knipt is, sit der boppe op: In fjochtsjende dûmny, dat is in kâns! Gefolch: in ûndertekene brief by de klassis, dy't de saak wol ûndersykje moat en dat mooglik wol graach docht ek. Rûzje by de oar jout josels it gefoel de frede te tsjinjen. Op 3 febrewaris 1673 - wy komme no tichterby it fjirde lustrum fan Brunsvelt op syn terpke - meie de oanklagers op de gearkomste ferskine. Der is sprake fan in soart doarpsrel en it is wol dúdlik, dat Brunsvelt yn gjin gefal mear skuld har as syn tsjinstanners. De klassis wol earlik wêze en sa stjit alles wiidweidich yn de notulen mei de hân fan ds. Abbas Ludinga. Egle Harckes seit dat Brunsvelt him in 'kalffdief' neamd hat. Lieuwe Pieters, Jan Sijtses en de opfolger fan Ruurd Jetses, de meier Sibe Sierds, befêstigje dat. Wopk Opts seit sels dat de predikant 'in contentie met sijn meyer gerackt sijnde, sijn mes uytgetrokken heeft'. Wer in oar, Piter Piters, stipet de ferklearringen en wit boppedat te fertellen, dat Brunsvelt 'Welmoed Jans, sijn meyers dienstmaeghd eerst de stoel onder de eers weghgehaelt heeft, waermede hij haer daerna geweldigh heeft geknuffelt(!)'. Nei dit alles geniete en notulearre te hawwen, is neffens de skriba 'dese vergaderinge met danksegginge tot Godt geslooten'. In doarpsrel, mar jo wurde der wol warrich fan. Brunsvelt, dy't him in moanne letter ferantwurdzje mei, komt mei in skriftlike ferklearring fan in tal getsjûgen a décharge, mar de klassis - earlik is earlik en sa'n rel is dochs wol pikant - easket it yn persoan ferskinen fan dizze tsjûgen. Hjir is niks fan kaam en wy wolle net fier mistaaste as wy oannimme, dat Brunsvelt skjin syn nocht hie en ta de konklúzje kaam wie, datst better yn alle rust Prediker lêze kist as mear as herdershûn dan as herder yn de gemeente rûn te rinnen. Ut de akta fan 28 april 1673 docht bliken dat Brunsvelt emeritaat oanfrege hat. De klassis sil wer rommer sykhelle ha. Dalik wurde trije predikanten oanwiisd om in 'stiendium emeriti' by de Steaten oan te freegjen. Hoewol't Brunsvelt noch frijwat jong is, wifelje ek de Steaten net lang en al op 16 juny 1673 wurdt op de klassisgearkomste meidield dat Brunsvelt emeritaatspensjoen kriget. Dy lit der gjin gers oer groeie. Al op de 22ste juny nimt er ôfskie. Wy hearre - en it skynt net iroanysk bedoelt te wêzen - dat de ynwenners fan beide doarpen fan te foarren plechtich beloofd hiene 'in alle vriendschap' mei harren predikant de noch altiten besteande skelen oplosse te sillen. Dûmny ferlit syn Pathmos ek net, mar bliuwt as boer yn syn gemeente wurksum. De klassikale hearen wiene noch net fan harren liderke (zorgenkindje) ôf. |
|
| |||
|
Op 1 septimber 1673 moat de gemeente derop wezen wurde dat der gjin nije predikant komme kin, as men net earst mei Brunsvelt
ta in akkoard kommen is. De gemeente docht krekt as is der neat oan 'e hân en beropt in wike letter de proponint
Johannes Coyter. Wat docht de klassis? Krekt itselde wat ek de grytman en sa'n protte oaren dien ha. Sy
siket de wei fan de minste wjerstân. It berop wurdt dalik goedkart!
Brunsvelt soe Brunsvelt net wêze as hy dit naam hie. Op 5 jannewaris 1674 wurdt op de klassikale gearkomste meidield, dat der in akkoard tusken Brunsvelt en Coyter sletten is mar niks is minder wier. Fjouwer moanne letter is der sels noch gjin úteinlike oplossing. Pas op 11 maaie 1674 komt op in gearkomste te Dokkum, dêr't fjouwer dûmny's en de ôfgeande en de krekt opkame pastor fan Ealsum en Wetsens dielnamen, nei oerlis fan oeren, oerienstimming en dit hâldt in kompromis yn: Brunsvelt sil de bydrage, dy't de predikant fan Ealsum en Wetsens foar it predikantwêzen oer 1673 betelje moatte, foar syn rekken nimme en kriget trijekwart fan de opbringst fan de pastorijlannen fan beide doarpen. En noch is men net út de swierrichheden. Op de klassikale gearkomste fan 7 septimber is der wer in brief fan Brunsvelt. Neffens him moat Coyter de belesting betelje fan ien fan de hûzen dy't ta it Ealsumer pastorijeguod hearre. De klassis is it dermei iens, mar no komt Coyter yn ferset en ek no wer twifelet de klassis en it gefolch is dat de striid mar oanhâld. As Brunsvelt tocht hie it makliker te krijen dan wie dat in yllúzje. Hy kriget yn earsten gjin pensjoen en rekket finansjeel yn 'e knipe. As wie it noch net moai genôch wol de klassis him wol foar it widdowenfûns betelje litte en begjint sels mei de doarwaarder te driigjen. Brunsvelt wie de striid mei syn gemeente sêd wurden. No wegeret hy ek yn de klassikale gearkomst te ferskinen. In neef fan him, ds.Hermannus Brunsvelt fan Nes c.a., dielt op 12 april 1675 de broeders mei, dat syn omke de 'viduale penningen' earst betelje sil 'soo haast als hij eenige tractement of huur ontvangen sal hebben'. Blykber beseft de klassis har tekoartsjitten. Sy praat yn earsten wer mei Coyter en sa kin dan úteinlik yn de klassikale notulen oantekene wurde: Op heden den 23 september 1675 sijn de gecommitteerde broederen D.Samplonius, D. Schregardus, D. Drenhuijsen en D. Ludinga wederom volgens den last haer van den E. Classe opgeleyt, ten versoecke van D. Theodorus Bruijnsvelt en D. Coyter, bijeen gekomen om de verschillende saecken onder haer te verslechten. Edoch, eer dat dee uytsprake van de verschillende saeken geschiede, soo is't dat wij, dissiderende persoonen, aennemen om ons met de uytsprake van de E.broederen, oeyt sonder eenige exceptie, absoluyt te laten vergenoegen, tot welkers verseeckeringe wij dese acte met onse gewoonlijcke handen hebben verteeckent. |
| Theo. Brunsvelt Pastor emeritus |
Johannes Coijter Pastor in Aelsum etc. |
|
Dernei wurdt in tal foar beide partijen binende bepalingen opnommen. Brunsvelt sil fan 1676 ôf de Wetsumer pastorijpleats frij fan belesting as pachter oannimme foar de hier fan 60 goudgûnen, te beteljen salang ds. Coyter de gemeente as predikant tsjinje sil. De dûmny's sizze elkoar ta gjin finansjele easken mear te stellen en fan alle noch skuldige lêsten elk de helte betelje te sillen. Nei 22 jier is der dus wer frede te Ealsum en Wetsens? Wa't dat liuwe wol, dy't liuwd it mar. Brunsvelt bliuwt as pachter op de pastorijpleats wenjen en ferlit dus it striidtoaniel net. Fansels moat it misrinne en op de klassikale gearkomste fan 8 april 1678 komt de klassis der al wer achter dat de striidbile wer opgroeven is. De earder neamde neef tsjinnet út namme fan syn omke in rekest yn: it is nedich dat de definityf ôfhannele saak wer op de aginda komt. De klassis is der net op yn gien. Dus sjogge wy Theodorus Brunsvelt op 'e nij yn de arena (22 april 1678). Hy makket dúdlik dat der noch in skeel is, dat sille de hearen ek wol witten ha. De klassis seit lykwols: Fal ús fjirder net lêstich! Dat is dan de ein fan it drama, al seit it lykwols genôch dat Coyter it net lang folhâlde koe te Ealsum c.a. en de 15de desimber 1679 (as beroppen predikant) fuort giet nei Ceylon yn it fiere Yndie, dêr't Sijtse Jans doedestiids Brunsvelt hinne winske hie. Yn de akta fan de deputearren fan de synoade fan Fryslân, oangeande de ynkommens en útgaven om de predikantswiddowen te stypjen wurdt Theodorus Brunsvelt yn it jier '80 fermeld as de ienige 'emerito' ûnder de 36 predikanten út de klassis Dokkum, de lêste kear op 21 febrewaris 1684; wy meie oannimme dat hy in 'e rin fan dat jier stoarn is. |