Foar ekstra sfear út die tiid, hâld de mûs oer de ôfbyldings



Efter Wetsens





















































It walmet oer de lege lannen,
't Ljurkje sjongt omheech sa skoan,
'k Sjoch de pinksterblommen roeikjen,
Maitiid bringt de kreazens oan.

Efter Wetsens sjongt de wille,
Fan gjin drok bedriuw bilet.
Dêr't hast nea gjin minsken komme
Is 't my frij en rom om 't hert.

Alde kunde is my d'âld hikke,
Dêr't de skries syn "grito" geit,
Dêr't de tsjirk om hinne swevet
Mei 't wyld eintsje der by yn't reid.

Kunders binn' dy rûge sompen
Yn 'e flotgers-moddersleat,
Mei de griene wetterljurken
Healwiis yn it flaech biteard.

't Wie my nocht yn dizze fjilden,
Moast ik faek ek drok yn 't spier,
Wie 'k hjir oan de lodde en foarke
Of de seine moarns hiel ier.

Lei ik efter skûl to rêsten,
Dik're dan de mieden oer
Nei it lytse, nerzge doarpke
Mei syn tsjerkje sûnder toer.

Iensum op 't ôfgnobbe terpke
As in bidler, skrousk en hean
Treurjend om forfleine greatens
Seach ik 't skierre tsjerkje stean.

Yn dat ieuwenâlde Godshûs
Sieten pake en beppe alear.
Dêryn groegen my myn âlden
Ienmel op oan 'e Opperhear.

Letter tusken heit en mem yn
Gyng 't breed lykpaed op it bern,
Om nei dominy to harkjen
En ... nei 't âld grien rút to sjen.

Wetsens ! Nuver leist der hinne,
Hast fatsoen en buorren brek.
't Is as skodden hjir de reuzen
D'âlde stelpkes út 'e sek.

As in lange, lange line
Leit de spoarbaen by dy lâns.
Troch de greide-harmonije
Krast en gûlt it treingegrâns.

Dochs bist leaf my, ek as hjerstwyn
't Wetter oer it leech lân fiert,
As dy flakte yn sinn'ljocht weaget,
Dêr't de kobbe oer hinne sliert.

As de winteramme oer 't gea strykt,
Kjeld en snie en iis ús jowt,
Is dy flakte in glêdde spegel.
Dan is 't riden ring bitroud.

Wy forgeaten braek en bûthûs.
Fleagen nei de flakte ta.
Baentsjerieden en meraeklen
En formakken ús hjir sa !

O, dy moaije stjirrejounen,
Tichte by in Wets'mer "hja",
'k Sil de will nea forjitte,
Dy't wy hjir wol smakke ha.

'k Jow net folle om wrâldsk' útwrydskens,
'k Fiel my hjir yn myn forset.
Leaf binn' my de griene fjilden,
Ik bliuw Wetsumer yn 't hert.




















































A. M. Wybinga



Myn Doarpke



Myn doarpke lyts, myn doarpke djûr,
Hoe eagestou de fjilden oer,
Us âlde Fryske lannen;
Hoe bynstou yn dyn leaflikheit
Dy't yn en om en oer dy leit
Myn siel mei sêfte bannen.


Hjir bin 'k troch 't wûnd're libben gien,
Hjir haw ik leed en lok forstien,
De ljochten en de skaden;
'k Seach hwat my bynt oan 't âlde gea,
Dyn moarntiidsgloed en jounich rea
Yn 't ljocht fan Gods genade.


Bin 'k strak oan d'ein fan d'ierdske baen
Befeel 'k, by 't my nei sliepen jaen,
Myn siele yn Gods hannen.
Dan fynt myn stof, myn doarpske djoer
In rêstplak by dyn âlde toer
Yn d'âlde Fryske lannen.

A. M. Wybinga


tebek