|
|
|
It walmet oer de lege lannen, 't Ljurkje sjongt omheech sa skoan, 'k Sjoch de pinksterblommen roeikjen,
Maitiid bringt de kreazens oan.
Efter Wetsens sjongt de wille, Fan gjin drok bedriuw bilet. Dêr't hast nea gjin minsken komme
Is 't my frij en rom om 't hert.
Alde kunde is my d'âld hikke, Dêr't de skries syn "grito" geit, Dêr't de tsjirk om hinne swevet
Mei 't wyld eintsje der by yn't reid.
Kunders binn' dy rûge sompen Yn 'e flotgers-moddersleat, Mei de griene wetterljurken
Healwiis yn it flaech biteard.
't Wie my nocht yn dizze fjilden, Moast ik faek ek drok yn 't spier, Wie 'k hjir oan de lodde en foarke
Of de seine moarns hiel ier.
Lei ik efter skûl to rêsten, Dik're dan de mieden oer Nei it lytse, nerzge doarpke
Mei syn tsjerkje sûnder toer.
Iensum op 't ôfgnobbe terpke As in bidler, skrousk en hean Treurjend om forfleine greatens
Seach ik 't skierre tsjerkje stean.
Yn dat ieuwenâlde Godshûs Sieten pake en beppe alear. Dêryn groegen my myn âlden
Ienmel op oan 'e Opperhear.
Letter tusken heit en mem yn Gyng 't breed lykpaed op it bern, Om nei dominy to harkjen
En ... nei 't âld grien rút to sjen.
Wetsens ! Nuver leist der hinne, Hast fatsoen en buorren brek. 't Is as skodden hjir de reuzen
D'âlde stelpkes út 'e sek.
As in lange, lange line Leit de spoarbaen by dy lâns. Troch de greide-harmonije
Krast en gûlt it treingegrâns.
Dochs bist leaf my, ek as hjerstwyn 't Wetter oer it leech lân fiert, As dy flakte yn sinn'ljocht weaget,
Dêr't de kobbe oer hinne sliert.
As de winteramme oer 't gea strykt, Kjeld en snie en iis ús jowt, Is dy flakte in glêdde spegel.
Dan is 't riden ring bitroud.
Wy forgeaten braek en bûthûs. Fleagen nei de flakte ta. Baentsjerieden en meraeklen
En formakken ús hjir sa !
O, dy moaije stjirrejounen, Tichte by in Wets'mer "hja", 'k Sil de will nea forjitte,
Dy't wy hjir wol smakke ha.
'k Jow net folle om wrâldsk' útwrydskens, 'k Fiel my hjir yn myn forset. Leaf binn' my de griene fjilden,
Ik bliuw Wetsumer yn 't hert.
|
|
|